Hilde tinkt en tinkt yn 'Hilde ferstjitten' fan Nelly Jongsma | Recensie ★★★☆☆

Hilde is in jong en gefoelich famke, mei âlden dy’t net folle oandacht foar har hawwe. Se wennet dan wol yn in moai en lúks hûs, se mist de âlderlike oandacht alle dagen. Se kin goed leare, mar hat gjin doel oer de gefolgen fan seks sûnder foarbehoedmiddels, daliks de earste kear dat Hilde ‘him syn gong gean’ lit, giet it mis. Nei’t har frijer witte lit dat er neat mear mei har te krijen ha wol, stiet se der allinnich foar.

.

.

Lees meer over
Boeken

Har âlden en har dokter stelle daliks in abortus út, mar Hilde ferset har dêr tsjin en wol it bern hâlde. ‘Wa bin ik, wat kin ik en wat fiel ik? Hilde tinkt en tinkt, draait en swit, giet dêrôf om in slokje wetter en tinkt op ’e nij, alle arguminten giselje har yn rûntsjes troch de holle. Tsjin de moarn beslút se foar harsels dat se it berntsje hâlde wol. […] Dêrnei jout se hat del om noch in oerke te sliepen.’